fry | 30-05-2022 | 252 pages
9789492457462
Paperback / softback
€ 19,95
Toevoegen aan winkelwagenPOD (Beschikbaar als print-on-demand.)
Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.
Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse is in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.
De ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.
EAN : | 9789492457462 |
Uitgever : | Uitgeverij Het Nieuwe Kanaal |
Publicatiedatum : | 30-05-2022 |
Formaat : | Paperback / softback |
Taal : | fry |
Hoogte : | 210 mm |
Breedte : | 140 mm |
Dikte : | 23 mm |
Gewicht : | 365 gr |
Voorraad : | POD (Beschikbaar als print-on-demand.) |
Aantal bladzijden : | 252 |